Acht skûtsjes wurde woansdei út Weesp nei Rotterdam yn kolonne sleept troch in sleepskip. Dit lêste stik kinne se net mear sile. De skûtsjes dogge mei oan it evenemint Skûtsjesilen Holland dat yn Rotterdam op de Kralingse Plas is. It begjint tongersdei en duorret oant en mei sneon. De skûtsjes geane fia it Amsterdam Rijnkanaal en dan oer de Lek rjochting Rotterdam : http://www.omropfryslan.nl/nijs/tsien-skutsjes-op-sleeptou
Foto: Hans van der Sluijs